Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180706_SADWAANDE_MEI_TEMA_STRJITTE_19_05_1999.mp4

Sadwaande: Strjitte

19 Maaie 1999

Dizze Sadwaande giet oer wenje yn in doarp of in stêd en wat is it ferskil? We sjogge by it wurk fan de húsmaster op in flat yn Ljouwert, hy helpt de meast âldere bewenners mei allerhanne putsjes.
We leare ek wat oer de skiednis fan it Kleinzand yn Snits, dêr't ek it Fries Scheepvaart Museum sit. En wat is de sjarme fan it wenjen oan de Rykswei yn Jirnsum? En we hearre fan buertplysjeman wat it ferskil is fan syn wurk op in doarp en yn de stêd.

LTV_Spoaren-fan-Saskia-en-Rembrandt_WR

Spoaren fan Saskia en Rembrandt

26 Novimber 2006

Op de gevel fan it advokantekantoar fan Anker & Anker oan de Ossekop yn Ljouwert is in plakette ûntbleate: it is it bertehûs fan Saskia van Uylenburgh, de frou fan skilder Rembrandt van Rijn. Yn dit Rembrandtjier is in soad omtinken foar him en wurdt ek mear bekend oer de Fryske Saskia. Se wenne ek yn Sint-Anne. Ferskate kenners fertelle oer har libben en fansels sjogge we ek in soad sketsen en skilderijen fan de master.

Wyn op Woansdei: Smaak

Wyn op Woansdei: Smaak

10 Septimber 2003

Programmamakker Albert Jensma hat noed oer it ferdwinen fan smaak en tradisjonele gerjochten. Hy praat mei ferskate minsken lykas Tjeerd Lautenbach, slachtersfeint by Slachterij Bonnema yn Minnertsgea, dêr't se neffens âld resept drûge woarst meitsje. Klaas Kasma,eigener-kok fan restaurant Piet Paaltjens yn Ljouwert, ferpoft it om him oan alle regels fan de itenfeiligenswet te hâlden. Tsiismakker Connie van Eijden makket sels boeretsiis yn Ryptsjerk. Hielke van der Meulen docht ûndersyk nei âlde streekgerjochten.