Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180705_SADWAANDE_OER_BEGRAVENIS_03_02_1999.mp4

Sadwaande: Begraffenis

03 Febrewaris 1999

Dizze Sadwaande giet oer begrave en alles wat dêrby komt. We sjogge op it begraafplak yn Warkum en yn Garyp. Magda Hengst fertelt oer de net-tradisjonele begraffenis dy't se foar har man Arie Buijs organisearre. We hearre wat oer kloklieden, sjogge by in kistemakker en stienhouwerij en leare wat oer it deadshimd en de betsjutting fan de kreakeling.

LOKALEPOLITYK_WR2

Lokale polityk ûnder fjoer

03 Maart 2002

De opkomst by de gemeenteriedsferkiezingen is leech en it is dreech om minsken te finen foar de lokale polityk. Professor Douwe Jan Elzinga (RUG) hat in plan betocht om de polityk tichterby de minsken te krijen. We folgje ek twa politisy. Rudy Heins is noch net sa lang riedslid yn Kollumerlân, hy is konserzje yn it deistich libben. Mei soan Jorn giet er by de doarren del om kampanje te fieren foar de PvdA. Wethâlder Hero Werkman hâldt nei 17 jier op yn Weststellingwerf. Nei in konflikt begûn er syn eigen lokale partij. Beide politisy fertelle oer har driuwfearren.

LTV_WRAKSELJE_MEI_IN_IDEAAL_2

Friesch Dagblad: Wrakselje mei in ideaal

28 Novimber 1993

We sjogge by de kristlike krante it Friesch Dagblad dy't te krijen hat mei in weromrinnend abonneebestân (22.000), kin de krante selsstannich bliuwe? We sjogge op de redaksje, by de opmaak, printer, distribúsje en krantebesoarger. We geane op paad mei sjoernalist Ruurd Walinga. Meiwurkers komme oan it wurd oer de sinjatuer fan de krante, de identiteit. Mar ek mooglike feroaringen komme oan bod, moat it FD in moarnskrante wurde of gearwurking sykje mei de Leeuwarder Courant bygelyks?