Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sjoch Mar: Toulûke

Sjoch Mar: Toulûke

02 Maart 1998

De Nederlânske kampioenen toulûken, by de froulju, komme út Fryslân. Se binne sels wrâldkampioen. Arjen de Boer traint mei mei it team fan It Heidenskip.

LTV_LESTELUDEN_2_WR

De lêste lûden fan in taal: de Ingermanlanners (diel 2)

25 Novimber 2001

Rige fan fiif programma's oer bedrige talen yn East-Europa. Yn dit twadde diel giet it oer de Ingermanlanners, ynwenners fan in streek yn Ruslân dêr't minsken Finsk praten foardat dat yn 1937 ferbean waard en de ynwenners nei Sibearië ferballe waarden. We sjogge op in feest om de langste dei te fieren dêr't de âldere minsken oer eartiids fertelle. En professor Victor Denissov, fan de universiteit yn Sint Petersburg yn Ruslân, fertelt oer de skiednis fan dit folk wêrfan't de taal mei útstjerren bedrige wurdt.

Hjoed: alderearste útstjoering

Hjoed: alderearste útstjoering

04 Febrewaris 1994

Omrop Fryslân begûn yn 1994 mei regionale telefyzje. De allerearste útstjoering wie op 4 febrewaris, presintearre troch Dieuwke Kroese. Dêryn sit in reportaazje oer de komst fan it sâltfabryk Frima yn Harns dat wurk biede sil oan 60 minsken. By Winaam sit in soad sâlt yn de grûn dêr't boarre wurdt. Ek is in ferslach fan de nijbou fan it Abe Lenstra stadion op It Hearrenfean. Dêrfan is it heechste punt berikt. De fuotbalklup wol mei in publyksaksje in diel fan it jild ophelje by de fans. Op de beurs BOOT yn Ljouwert is te sjen dat de animo foar boaten en it wurk op de werven wer tanimt.