Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0606

Sybe Satellyt 0606

13 Febrewaris 1996

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. It is winter, der leit iis en it is sjippeglêd dus Sybe wol sâltstruie. Hy praat mei Geert Talman, direkteur fan sâltfabryk FRIMA yn Harns en krijt útlis oer hoe't sâlt wûn wurdt. En hy krijt te sjen hoe't in heupoperaasje by hûn Nester yn syn wurk giet en praat dêroer mei bistedokter Harm Wieringa.

ABD-sjoo 0404

ABD-sjoo 0404

21 Desimber 2004

Yn de fjirde ôflevering fan it fjirde seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen It Haskerplak út Aldehaske en de Immanuelskoalle út Noardburgum it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we yn it Fries Museum by houliken yn de 16de en 17de iuw, befeiligingsbedriuw Securicor en by it wurk fan de EHBO. Te gast is Mariska de Boer mei in ikehouten skoaltasse. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

MINSKEWURK_4_SKILDERS

Minskewurk 4: Skilders

16 Jannewaris 2001

We sjogge by ferskate minsken dy't skilderje. By it Koopmansfabryk yn Marrum meitsje se lateks, wat sit dêryn yn? En wat dogge hússkilders? Klaas de Graaf kin sa skilderje dat it liket oft it hout, marmer of goud is. We sjogge ek by twa keunstners yn har atelier, Ramon van der Werken en Dinie Boogaart, dêr't se oer har wize fan wurkjen fertelle. Ta beslút sjogge we by bern dy't in skilderkursus dogge by Parnas yn Ljouwert.