Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Baas Boppe Baas 0301: De ûntfiering

Baas Boppe Baas 0301: De ûntfiering

01 Jannewaris 2003

Beant skriuwt in column oer it Frysk. Hy fynt dat elkenien Frysk prate moat as se yn Fryslân wenje. In soad Nederlânsktalige minsken yn syn omjouwing binne dêrtroch kwetst en betinke in manier om him in leske te learen.

Spegels: Fanfare Studio en Roel Slofstra

Spegels: Fanfare Studio en Roel Slofstra

10 Augustus 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Mei dizze kear: it 100 jier jubileumkonsert fan Studio (it fanfare fan It Heidenskip). En de nije CD fan troubadoer Roel Slofstra.

7de klasse A 03: Twizel - De Monnik

7de klasse A 03: Twizel - De Monnik

23 Septimber 2002

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Twizel - De Monnik (Skiermûntseach) spylje dizze wike 5-2. Alco Boersma hat yn de twa foargeande wedstriden 9 x doelpunten makke. Hjoed hat er syn dei net. Senuwen?