Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op Woansdei: Geert Dales

Wyn op Woansdei: Geert Dales

23 Febrewaris 2005

Programmamakker Gerard van der Veer folget Geert Dales, dy't no hast in jier boargemaster fan Ljouwert is. Guon fine dat er tefolle yn de media is, mar oaren binne fan. De eardere wethâlder fan Amsterdam hat in drok skema. We folgje him ûnderweis nei in besite oan de boargemaster fan Snits, Arno Brok. We sjogge him oan it wurk yn de ried fan Ljouwert en by wurkbesites oan it Friesland College en dakleaze-opfang De Terp. Ek krijt er it jubileumboek fan de BFWV fan Sake Roodbergen.

Geert! S01: Kompilaasje fan seizoen ien

Geert! S01: Kompilaasje fan seizoen ien

13 Maaie 2003

Geert van Tuinen wurdt 'oanklage' foar allerhanne saken dy't er yllegaal dien hat yn it earste seizoen fan it programma Geert! wêrby't er by tal fan Fryske doarpshuzen delgiet en mei tal fan nijsgjirrige gasten praat. Hy soe bygelyks flein ha sûnder brevet. Yn dizze kompilaasje komme de aardichste mominten nochris foarby en sjogge we achter de skermen en fansels binne der ek bloopers te sjen.

Wurktiid TV: Bierbrouwerij Us Heit

Wurktiid TV: Bierbrouwerij Us Heit

17 April 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de bierbrouwerij Us Heit yn Boalsert. Bierbrouwers A. van der Linden en D. Schroor lizze út hoe't se bier meitsje.