Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Tûkelteammen 0202

Tûkelteammen 0202

07 Oktober 2003

Team 1 mei CNV-foarsitter Doekle Terpstra en Doekle Yntema nimt it op tsjin team 2, dat bestiet út keamerlid Rendert Algra en Saapke Idsardi.

LTV_NYNKE_HICHTUM_NL_250301_WR

Skriuwerslibben: Nynke fan Hichtum

25 Maart 2001

Portret fan Nynke fan Hichtum, pseudonym fan Sjoukje Troelstra-Bokma de Boer, berneboekeskriuwster en oant de skieding frou fan Piter Jelles Troelstra. Der is noch altyd in soad belangstelling foar har, der is in roman en biografy ferskynd, in tentoanstelling en in film. Filmmakker Pieter Verhoeff, biograaf Aukje Holtrop en FLMD-direkteur en skriuwster Tineke Steenmeijer-Wielenga beljochtsje libben en wurk fan de frou dy't libbe fan 1860 oant 1939.

Spegels: Tryater en Swiet en Bjuster

Spegels: Tryater en Swiet en Bjuster

27 Novimber 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstjoering: it teaterstik Ot en Sien fan Tryater en de popband Swiet en Bjuster haldt der mei op. Mar ek Poche en Blaze, in musikal oer 100 jier fanfare Wilhelmina op 'e Easterein.