Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

7de klasse A 04: Cambuur 69 - Blokzijl

7de klasse A 04: Cambuur 69 - Blokzijl

30 Septimber 2002

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Dizze wike: Cambuur 69 - Blokzijl 3-6. Foarsitter Blokzijl klaget oer minne ûntfangst.

LTV_500jier-Bildtse-taal_doku_WR

'Rechte linen': 500 jier Biltsk

27 Novimber 2005

It Bilt is 500 jier lyn ûntstien troch ynpoldering, dat waard benammen dien troch Hollanners en sa is de mingtaal tusken Frysk en Nederlânsk ûntstien. Biltkers binne grutsk op har eigen taal, mar der binne ek bedrigingen. We sjogge by in literêre middei yn de byb, by it meitsjen fan de wyklikse krante De Bildtse Post, by in kursus Biltsk en hearre oer de skiednis. Muzikant en skriuwer Hein Jaap Hilarides fertelt wat de taal foar him betsjut.

Tûkelteammen 0202

Tûkelteammen 0202

07 Oktober 2003

Team 1 mei CNV-foarsitter Doekle Terpstra en Doekle Yntema nimt it op tsjin team 2, dat bestiet út keamerlid Rendert Algra en Saapke Idsardi.