Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0704

Sybe Satellyt 0704

06 Desimber 1996

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy praat mei Sinteklaas dy't fertelt oer de betsjutting fan syn attributen, lykas de stêf en de ring.
Sake Roodbergen fertelt oer boltsjes dy't plante wurde moatte en Jan Pasveer leit út hoe't kofje makke wurdt yn it fabryk Douwe Egberts op De Jouwer.

Wurktiid TV: Douna masinefabryk

Wurktiid TV: Douna masinefabryk

27 Maart 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it masinefabryk Douna. Wat 75 jier lyn as smid begûn is no in spesjalisearre fabryk wurden dêr't masines op maat boud wurde, lykas foar de offshore. Direkteuren R. Spriensma en H. Bergsma en meiwurker T. Span fertelle oer har wurk.

Geert! S01: Kompilaasje fan seizoen ien

Geert! S01: Kompilaasje fan seizoen ien

13 Maaie 2003

Geert van Tuinen wurdt 'oanklage' foar allerhanne saken dy't er yllegaal dien hat yn it earste seizoen fan it programma Geert! wêrby't er by tal fan Fryske doarpshuzen delgiet en mei tal fan nijsgjirrige gasten praat. Hy soe bygelyks flein ha sûnder brevet. Yn dizze kompilaasje komme de aardichste mominten nochris foarby en sjogge we achter de skermen en fansels binne der ek bloopers te sjen.