Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0302

Sybe Satellyt 0302

13 Oktober 1992

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma oer Sybe dy’t mei syn satellyt oeral hinne kin. Mei syn hûn Sjef belibbet er elke dei wer wat oars. Yn dizze útstjoering kriget Sybe útlis oer hjitteluchtballonnen fan Minne Minnema, oer poddestuollen fan Sake Roodbergen en oer it waar fan ús waarman Piet Paulusma.

Wurktiid TV: Dropfabryk Van Slooten

Wurktiid TV: Dropfabryk Van Slooten

14 Febrewaris 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer dropfabryk Van Slooten yn Jirnsum. Sûnt 1918 makket it fabryk snobbersguod en benammen de autodrop makke se bekend. Winegums wurde populêrder en de hurde sâlte drop is minder favoryt. M. Westra, direkteur, fertelt oer de produksje en K. Kingma fynt tal fan nij smaken en produkten út.

Under Fjoer 0308 Theo Reitsma

Under Fjoer 0308 Theo Reitsma

03 Novimber 2004

Yn de lêste Under Fjoer fan dit seizoen docht de âld-sportferslachjouwer Theo Reitsma it ferhaal oer syn ûnderfinings mei topsporters en hoe't hy dêr as sjoernalist mei omgien is. Doping, jild en etyk binne de tema's dy't him troch de jongeren oanrikt wurde.