Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

BOPPEDAT_230597_HEMRIK_WR

Boppedat: Feint fan twa masters 1997

23 Maaie 1997

In reportaazje út 1997 oer it iepenloftspul "Feint fan twa masters" yn rekreaasjepark Sparjeburd op 'e Hemrik.

LTV_MUSEUMDREAM_WR

Museumdream: oer Museum Belvédère

21 Novimber 2004

Yn Oranjewâld wurde de lêste saken dien yn en by it nije Museum Belvédère, foar hjoeddeiske en 20ste iuwske keunst. Oprjochter Thom Mercuur liedt rûn en fertelt oer syn idee by de kolleksje. Arsjitekt Eerde Schippers leit út dat it museum dat oer wetter hinne boud is in ferbining leit mei it lânskip deromhinne.

Sybe Satellyt 0701

Sybe Satellyt 0701

06 Septimber 1996

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy praat mei Hanneke van Kammen dy't oer de toer fan Spannenburch fertelt, oer de skûtels. Sake Roodbergen fertelt oer flinters.