Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

SADWAANDE_220502_BOUWE_HARKEMA

Sadwaande: De Harkema

22 Maaie 2002

Dizze Sadwaande giet oer De Harkema. Wat opfalt is dat in soad Harkiten har eigen hûs bouwe, hoe komt dat? En wêr komt dy giele stien wei? We prate mei jonge boufakkers dy't yn eigen tiid har hûs bouwe en we sjogge by De Spitkeet, it âldste hûs fan it doarp. We hearre oer de skiednis en wat de aard fan de Harkiten is. Floris is gek op boufakkers, en dan benammen ien spesjaal plakje.

Wyn op Woansdei: Nei de brêgeklasse

Wyn op Woansdei: Nei de brêgeklasse

03 Septimber 2003

Programmamakker Annet Huisman folge Grietje Sybesma fan De Hommerts de trije earste skoaldagen mei in lytse kamera. Se giet op de fyts, mei fiif klasgenoatsjes, nei de HAVO/VWO brêgeklasse fan it Bogerman yn Snits. Grietje hat der sin oan en liket der ek oan ta te wêzen, mar dat nimt net wei dat it allegearre dochs spannend en nij is. Mentorles, wiskunde, Dútsk, lange dagen en in tas dy't fan de fyts falt.

LTV_POADIUM_2_SUVERNUVER

LTV Poadium 2: Portret fan mimegroep Suver Nuver

10 Desimber 1989

In portret fan mimegroep Suver Nuver. Har foarstelling 'Danspaleis Jericho of de gevaren van cosmetica' wie in hichtepunt op it Frysk Festival. We prate mei de trije leden fan it selskip: Dette Glashouwer, Peer van den Berg en Henk Zwart oer de Fryske taal en har relaasje mei Fryslân. Ek sjogge we hoe't se har tariede foar in foarstelling en sjogge by tariedingen foar in nije foarstelling dy't by skipswerf De Hoop yn Warkum wêze sil.