Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

VX-153164

Skriuwerslibben Theun de Vries

31 Desimber 2000

Theun de Vries (berne yn 1907) fertelt oer syn wurk en ynspiraasje. Hy wennet sûnt syn 30ste yn Amsterdam, mar Fryslân en foaral ek syn berteplak Feanwâlden komme altyd werom yn syn mânske produksje. Nei syn 90ste skreau er noch 3 romans en ek skriuwt er noch gedichten. Hy fertelt oer syn leafde foar skiednis, sagen en mearkes en oer Wilt Tjaarda, syn alter ego. "Skriuwen is myn libbenslok" seit er tsjin ynterviewer Geart de Vries.

Boppedat: BCV Burgum - Hurdegaryp 1994

Boppedat: BCV Burgum - Hurdegaryp 1994

30 Maaie 1994

De fuotbalkompetysje yn it amateurfuotbal is noch hieltyd net ôfrûn, want de neikompetysje is noch yn folle gong. Wy keazen der ien wedstryd út dit wykein, BCV Burgum tsjin Hurdegaryp, yn de tredde klasse A fan it sneonsamateurfuotbal. BCV hie oan ien punt genôch om foar promoasje noch te spyljen tsjin de winner fan de neikompetysje fan de tredde klasse B; Holwierde is dat. As Hurdegaryp winne soe, dan spilen dy foar promoasje. Yn elk gefal wie it in wichtige wedstryd foar de twa rivalisearjende doarpen Burgum en Hurdegaryp.

LTV_SASEACH_1_JOHAN_VAN_DER_ZEE

Sa seach ik Fryslân 1: Johan van der Zee

16 Maaie 1993

Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel ien praat er mei programmamakker Johan van der Zee oer syn reportaazjes dy't er oer Fryslân makke foar it telefyzjeprogramma Van gewest tot gewest. Syn earste ûnderwerp wie it muzykkorps fan De Harkema, de amateurs spilen op it Holland festival.