Skriuwerslibben Theun de Vries

31 Desimber 2000

Theun de Vries (berne yn 1907) fertelt oer syn wurk en ynspiraasje. Hy wennet sûnt syn 30ste yn Amsterdam, mar Fryslân en foaral ek syn berteplak Feanwâlden komme altyd werom yn syn mânske produksje. Nei syn 90ste skreau er noch 3 romans en ek skriuwt er noch gedichten. Hy fertelt oer syn leafde foar skiednis, sagen en mearkes en oer Wilt Tjaarda, syn alter ego. "Skriuwen is myn libbenslok" seit er tsjin ynterviewer Geart de Vries. Hy krige tal fan prizen, lykas de Kunstenaarsverzetsprijs (1987), Henriëtte Roland Holstprijs (1984), it earedoktoraat fan de Rijksuniversiteit Groningen (1979) en de Piter Jellespriis (1976) en we sjogge argyfbylden fan in talkshow mei û.o. Harry Mulisch en Cees Nooteboom.