Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Nader-tot-Fryslan_WR

Nader tot Fryslân

30 April 2006

Steven de Winter ferhuze mei syn frou en twa bern nei Greonterp/Blauhús. As 'Hollanner' ûndersiket er syn ynboargering yn Fryslân, de minsken, de gewoanten en fansels de Fryske taal.

Wurktiid TV: Bedriuwsfitness by de Postbank

Wurktiid TV: Bedriuwsfitness by de Postbank

31 Jannewaris 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer bedriuwsfitness by de Postbank yn Ljouwert. Under wurktiid kinne wurknimmers sporte, lykas fitness, fytse en roeie. Elk krijt in persoanlik skema en sport ûnder begelieding. It helpt tsjin rêchklachten, hege bloeddruk en it sil ek ynset wurde as middel om stress tsjin te gean. K. Steenbeck, sportbegelieder en de wurknimmers K. Overweel, H. Lukkes en I. de Vries fertelle deroer en ek M. van Hoewijk fan personielssaken.

LTV_THUS_EN_UNWENNICH_031099_WR

Thús en ûnwennich!?

03 Oktober 1999

Yn dit programma folgje we trije Friezen dy't allegear tsien jier lyn nei Amearika emigrearren. Advokaat Bart Stapert helpt yn Orleans de befolking mei rjochtsbystân en striidt foar de ôfskaffing fan de deastraf. Gosse Damstra wennet mei syn famylje yn de buert fan Dallas, hy hat in melkfeebedriuw, Damstra Dairy. En Welmoed Laanstra wennet yn New York. Earder wie se huoddemakker en wurke se by it moadehûs DKNY, no sit se yn de keunsthannel. We sjogge hoe't harren libben derútsjocht en se fertelle wat Fryslân en it Fries wêzen foar harren betsjut.