Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

WYTMARSUM_FR_WR2

Twa jonges fan Wytmarsum

24 Febrewaris 2002

Doekle Terpstra, foarsitter fan fakbûn CNV, en Hans de Boer, foarsitter fan MKB Nederland, kenne mekoar fan Wytmarsum. Se wiene buorjonges. No binne se werom, rinne troch it doarp en sjogge yn de tsjerke. Yn de kroech fertelle se oer har jeugd en wurk fan no. Persoanlik kinne se it goed fine, mar ynhâldlik ha se in oare opfetting oer de ynrjochting fan de maatskippij. Ek prate se oer de sjarme (en de foardielen) fan in doarp.

180703_SADWAANDE_OER_POEP_07_10_1998.mp4

Sadwaande: Poep

07 Oktober 1998

Dizze Sadwaande giet oer poep. Ingrid giet mei op rioelynspeksje om te sjen wêr't de ferstopping sit. We sjogge by de berne-opfang dêr't de liedsters in soad ruften ferskjinje moatte. Learlingen fertelle har moaiste poepferhaal en by it lab ûndersykje se de poep om te sjen watfoar firussen, baktearjes en parasiten oft der yn de poep sitte.

LTV_DE_GRINS_FERLEIN_2.mxf

De grins ferlein

10 Oktober 1993

Yn dit programma sjogge we werom op de rebûlje dy't der wie foar de ferheging fan de besteande dyk tusken Holwert en Swarte Haan. Oanlieding wie it deltaplan dat betocht is nei de wettersneedramp yn 1953, dêr sjogge we ek argyfbylden fan.Dêr is 17 jier oer diskusjearre, de belangen fan natuer en lânbou botsten. Ek sjogge we argyfbylden fan de kwestje Surch, doe't yn 1976 by stoarm en heech wetter gatten yn de dyk slein wienen en bewenners har ûnfeilich fielden.