Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_GRIENEWEI_1_280190

LTV: De Griene Wei 1: Fúzje yn de suvel: Rinze Zijlstra

28 Jannewaris 1990

Yn dit programma praat Geart de Vries mei Rinze Zijlstra (1927-2017) oer de suvel. Yn dy sektor is fan alles te rêden, fan koöperaasje oant reorganisaasje, skaalfergrutting en gearwurking: CCF, Frico, Domo en Noord-Nederland. By boeren jout dat ûnrêst, we sjogge by boer Jouke Gerbrandy, hy wol net by de koöperaasje en by in 'fergaderboer' (spile troch Rense Westra). En we hearre oer ûnrêst by wurknimmers fan it suvelfabryk. Zijlstra wie belutsen by it boerebûn, suvelbûn. Hy wie Earste Keamerlid foar it CDA en boargemaster fan Smellingerlân en foarsitter fan de KNSB.

PETEAR_TRINUSRIEMERSMA

It Petear: Trinus Riemersma

19 July 1994

Skriuwer en Gysbert Japicx-priiswinner Trinus Riemersma fan Frjentsjer is te gast by Bouke Oldenhof.

Fan fan: Frysk hynder

Fan fan: Frysk hynder

16 Novimber 1998

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wolle Jikke Okkema út Easterein, Jelkje Hoitsma út Wytmarsum en Eelkje Postma alles witte oer it Fryske hynder. Se geane op besite by Anne Okkema yn Kûbaard.