Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Tûkelteammen 0306

Tûkelteammen 0306

17 Maaie 2005

De sechsde ôflevering fan it tredde seizoen fan de taalkwis Tûkelteammen. Yn team 1 sit musikus/folktrûbadoer Ernst Langhout mei Tineke Hoekstra fan Noardburgum en yn tema 2 sit musikus/trûbadoer Jaap Louwes mei Jantsje Kalsbeek-Nauta fan Reduzum.

LTV_GRALDASTATE_NEI_DE_BRAN

Graldastate nei de brân

26 Desimber 1993

By in brân yn appartemintekompleks Graldastata yn Menaam, dêr't benammen âlderen wenje, binne trije minsken omkaam. We sjogge mei bewenners werom op de brân dy't in soad impact hie, guon koenen amper wat meinimme. Se moasten op syk nei oare wenromte en misse har meibewenners.

LTV_SIMMER_YN_JORWERT_120195_WR

Simmer yn Jorwert

01 Septimber 1994

We sjogge by de tariedingen, repetysjes en úteinlik de útfiering fan it iepenloftspul fan Jorwert, yn de notaristún. Midsimmernacht's dream wurdt spile. Kostúmûntwerper Ykje Hibma, dekôrûntwerper Beb Mulder, regisseur Romke Toering en kostúmútfierder Gerry Smids fertelle hoe't se te wurk gean. Ek Gais Meinsma fertelt oer har wurk, se is al jierren ferantwurdlik foar de omballingen.