Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sadwaande_Brij_12_05_1999

Sadwaande: Brij

12 Maaie 1999

Dizze Sadwaande giet oer brij. We sjogge op in suvelbuorkerij op De Tynje dêr't ferskate soarten brij makke wurde en ek ferkocht yn glêzen flessen. Mei bernedokter De Vries fan MCL ha we it oer wat bern fan har âlden meikrije. By Scherjon yn Noardburgum sjogge we hoe't klompen makke wurde, Eelke hat it fan syn heit leard en dy wer fan syn heit. En we sjogge ferskate sulveren leppels út de kolleksje fan it Fries Museum.

SADWAANDE_260901_KOUDUM

Sadwaande: Koudum

26 Septimber 2001

Dizze Sadwaande giet oer Koudum, en dan spesifyk it doarpsfeest. Fanwege de oanslaggen fan 9/11 wie it feest hast oergien, mar der is dochs oars besletten. We sjogge by de optocht mei de fersierde wein, de tarieding dêrfan en ek fan de blommewein, op de merke, ringriderij, by it bekendmeitsjen fan wa't it Koudumer beantsje wurdt, ballonblazen en -oplitten troch de skoalbern en yn de feesttinte. Mar wat fynt de ymport eins fan it doarpsfeest? Floris komt der net mear.

Wyn op Woansdei: Sosjale winkel

Wyn op Woansdei: Sosjale winkel

24 Septimber 2003

Programmamakker Gerard van der Veer sjocht by de Sosjale winkel. Dêr kinne minsken yn finansjele need foar hulp en advys oanklopje.Hy praat mei ferskate kliïnten, bygelyks mei hierskuld of dy't op strjitte libje, en mei de meiwurkers. It tal oanfragen nimt hieltyd mear ta, de meiwurkers kinne it wurk amper mear oan.