Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_LESTELUDEN_5_WR

De lêste lûden fan in taal: It stille lân (II) (diel 5)

16 Desimber 2001

Rige fan fiif programma's oer bedrige talen yn East-Europa. Yn dit fiifde en lêste diel sjogge we opnij yn Kasjoebië, yn it noarden fan Poalen, om krekt te wêzen op it skiereilân yn it noarden. De Kasjoebyske taal krijt hieltyd mear yngong op skoalle en yn de kulturele wrâld (toaniel, literatuer en popmuzyk) en ek yn de tsjerke wurdt it brûkt en der binne programma's op radio en telefyzje yn it Kasjoebysk. Der is noed oer de takomst om't minder jongeren de taal prate mar de bewustwurding en de grutskens op de eigen taal nimt wol mear ta.

Skriuwers yn byld: Tiny Mulder

Skriuwers yn byld: Tiny Mulder

01 Juny 1989

Ynterview mei de Fryske skriuwster en dichteres Tiny Mulder (1921 - 2010) by har thús yn Jellum, troch Geart de Vries. Se skreau foar bern, makke ferhalen en skreau ien roman, Tin iis. Ek wie se resinsint by Omrop Fryslân en it Friesch Dagblad dêr't se as sjoernalist wurke.

Wyn op Woansdei: Emigraasje

Wyn op Woansdei: Emigraasje

17 Septimber 2003

Programmamaker Evert van den Berg giet op besite by trije boeren. Sjouke Bruinsma is al emigrearre. Hy buorket mei in protte sukses op de hellingen fan de heechste berch fan Afrika, de Kilimanjaro. Hy is beantsjekweker en hat op dit stuit al mear as 250 minsken yn tsjinst. De famylje Meesters út Lippenhuzen is krekt werom fan in teloarstellend avontoer yn Denemarken. De famylje Van de Belt út Donkerbroek hat lykwols plannen om nei Denemarken te emigrearjen. Is emigrearjen anno 2003 in opsje no't it net goed giet mei de lânbou yn Fryslân? Ek praat er mei minsken fan de NLTO.