Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

BOPPEDAT_230597_HEMRIK_WR

Boppedat: Feint fan twa masters 1997

23 Maaie 1997

In reportaazje út 1997 oer it iepenloftspul "Feint fan twa masters" yn rekreaasjepark Sparjeburd op 'e Hemrik.

Wurktiid TV: Stifting Doarp en Bedriuw

Wurktiid TV: Stifting Doarp en Bedriuw

01 Febrewaris 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de Stifting Doarp en Bedriuw. Pier Vellinga fan de stichting fertelt oer wat se dogge, lytse kearnen stypje mei provinsjaal jild om de wurkgelegenheid te stimulearjen. Yn Heech is in bedriuwssammelgebou boud dêr't tal fan lytse ûndernimmers gebrûk meitsje fan in mienskiplike kantine, resepsje en húskes. J. Wittemans, koördinator en ûndernimmer J. Miedema fertelle oer har ûnderfiningen en deputearre S. Heldoorn leit it idee achter it lytse kearnebelied út.

LINKK 01: Yn 'e loft

LINKK 01: Yn 'e loft

15 Septimber 2000

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer sweeffleanen, stjerrehimel en it waar.