Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0602

Sybe Satellyt 0602

03 Oktober 1995

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sybe hat in dream as soldaat en docht lantsjepik. Hy praat mei minsken fan it kadaster oer it wurk fan lânmjitters. Ek praat er mei Jeltsje Boersma oer de mummys yn de tsjerke fan Wiuwert.

BOPPEDAT_230597_HEMRIK_WR

Boppedat: Feint fan twa masters 1997

23 Maaie 1997

In reportaazje út 1997 oer it iepenloftspul "Feint fan twa masters" yn rekreaasjepark Sparjeburd op 'e Hemrik.

LTV_Syb-van-der-Ploeg_WR

Syb van der Ploeg

02 Maart 2008

Portret fan sjonger Syb van der Ploeg, dy't yn de jierren '90 bekend waard as frontman fan de populêre Fryske band De Kast. Anno 2008 is Syb wer hielendal werom. Omrop Fryslân folge him by it ta stân kommen fan syn nije album.