Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Tûkelteammen: earste útstjoering

Tûkelteammen: earste útstjoering

26 Desimber 2001

De alderearste útstjoering fan de taalkwis 'Tûkelteammen', opnommen yn it Mediakafee fan Omrop Fryslân.De teamcaptains binne aktrise Hilly Harms en fuotbalcoach Foppe de Haan. Sy sitte yn teams mei Grietsje Leenstra, Lammert Dijkstra, Tine Tijtsma-Sikkema en dûmny Liuwe Westra.

Linkk Ekstra: My 'n soarch 1

Linkk Ekstra: My 'n soarch 1

09 Jannewaris 2004

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, is diel 1 fan de rige My 'n soarch. Dêryn sille 7 jongeren mei elkoar op fakânsje yn in kampearbuorkerij. Jaline, Marije, Baukje, Lydia, Arjen, Lourens en Pierre ha allegear ferskillende klean oan, dat hat mei smaak te krijen. De groep moat alles sels dwaan, sels boadskipje en itensiede. Se leare dus ek oer de wearde fan jild. Albert Luten fan it Nibud leit wat oer jild út.

Tritigers 0208: Freonskip

Tritigers 0208: Freonskip

11 Novimber 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Johannes Kramer, Jan Wartena, Marijke Rijpma, Bob Sikkema, Meindert Talma, Janske Wielinga, Froukje Hernamdt dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it achtste diel fan de twadde searje giet it oer de freonskip tusken Gertrud en Jackeline. Ek in reportaazje oer Rendert Algra, Twadde Keamerlid foar it CDA.