Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

7de klasse A 09: Blokzijl - Twizel

7de klasse A 09: Blokzijl - Twizel

18 Novimber 2002

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Dizze wike spilet de nûmer ien tsjin nûmer 2 fan de kompetysje: Blokzijl - Twizel 6-2.

Geert! S01E07: Hantum

Geert! S01E07: Hantum

29 April 2003

Geert van Tuinen is yn it doarpshûs fan Hantum. Hy praat mei Pieter Banga fan DTL, de kuorbalklup De Tinnen Leppel, mei de twa bruorren Hendrik en Douwe van der Heide dy't as it duo Klún en Knoffelhakke revu bringe. Geert praat ek mei Jelle Auke Vrieswijk, kroechbaas en postboade en hy sjocht by de brommerklup, de leden binne gek op âlde brommers. Fierder lost Geert in skeel op tusken twa shantykoaren mei deselde namme, de Skûmkoppen. De live-muzyk komt fan dat shantykoar.

SA_SEACH_PIETERVERHOEFF_270694

Sa seach ik Fryslân 10: Pieter Verhoeff

27 Juny 1994

Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel tsien Pieter Verhoeff oer syn spylfilms en dokumintêres, en oer it hinne en wer slingere wurden tusken Amsterdam en Fryslân. We sjogge fragminten fan 'De vuurtoren' (1994), in reportaazje oer Hendrik Algra (1969) en ien oer skriuwer Trinus Riemersma (1968) en út de films 'Het teken van het beest' (1980) en 'De dream' (1985).