Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed: tongblier, it twadde gefal

Hjoed: tongblier, it twadde gefal

12 April 2001

Yn Hjoed fan 12 april 2001 it nijs dat Fryslân te krijen hat mei in twadde gefal fan tongblier. Nei Ie is de besmetting no ek yn Eanjum konstatearre. Skieppeboer Teun de Vries hat grutte noed oer syn skiep. Neffens W. Veenstra fan De Pein is de reekplom fan destruksjebedriuw Rendac yn Sumar de oarsaak fan de besmetting.

No Wy: Terra College

No Wy: Terra College

24 Septimber 1998

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering meitsje learlingen fan it Terra College yn Wolvegea in film oer de komst fan Poalske learlingen dy't yn it ramt fan in útwikseling meidraaie op skoalle en útfanhûs binne by gastâlden. De gasten komme nei in fertraging fan sân oeren lang om let oan. De learlingen leare in soad fan elkoar.

180703_SADWAANDE_ZAAILAN_HALFPIPE_10_07_1998.mp4

Sadwaande: inline skate, toerisme, rjochtbank (diel 6) en wurk (diel 11)

10 July 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. De kwestje en de oplieding foar wurk, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear yn de rige oer de rjochtbank sjogge we wat it wurk fan de griffier, boade en parketplysje ynhâldt. Yn de searje oer wurk sjogge we nei it arbeidskontrakt. En we sjogge by it toerisme, in soad Dútsers komme nei de Iselmar, mar net elkenien is entûsjast oer de easterbuorlju. En inline-skate is populêr, we sjogge by de halfpipe op It Hearrenfean.