Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed: Fryslân 500 oer de bommelding

Hjoed: Fryslân 500 oer de bommelding

04 Juny 1998

Yn Hjoed fan 4 juny 1998 is it nijs dat in bommelding it histoarysk kongres fan Fryslân 500 fersteurde. De melding kaam by de koster fan de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. Alle 250 dielnimmers moasten derút. Tal fan Fryske organisaasjes, lykas de FNP, binne it net iens mei Fryslân 500, mar feroardielje dizze aksje fan it Frysk Nasjonaal Befrijingsfront wol. Tsjinstanners fan it feest wolle in stille tocht organisearje.

Krystman yn de bus

Krystman yn de bus

21 Desimber 1995

In bytsje mear fleurichheid yn it bedriuw FRAM kin gjin kwea, tocht bussjauffeur Broer Smedes. In pear dagen foar krysttiid 1995 ried dizze man ferklaaid as krystman yn de bus tusken Ljouwert en Drachten.

DOARPSHUSSIEGERSWALDSWAM1997

Hjoed: Swam yn doarpshûs Sigerswâld

06 Febrewaris 1997

In drama foar it doarpshûs yn Sigerswâld yn 1997. Besikers fernamen dat de flier wat slop waard. Nei ûndersyk die bliken dat de houten flier hast folslein ferrotte wie fanwege oantaasting troch in hússwam.