Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0105

Sybe Satellyt 0105

05 Maart 1991

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht yn Britsum by De Foarikker dêr't in learling in wynmûne útfûn hat. Fierder sjocht Sybe by wynmûnen en fertelt er oer wynenerzjy. Hy sjocht ek yn in fabryk dêr't se wynturbines meitsje.

Mata Hari: de ferbylding fan in myte

Mata Hari: de ferbylding fan in myte

14 Oktober 1990

In greep út de Mata Hari-fertolkingen leart, dat elk wer mei syn eigen Mata Hari oankomt. Hieltyd op 'e nij sprekt se ta de ferbylding: de dûnseres, dy't as spionne de deastraf krige. Yn it ramt fan it Frysk Festival ferdjippe Rients Gratama him yn har turbulinte libben. De lêste moannen wie in entûsjaste ploech dwaande om harren eigen Mata Hari yn in musical stâl te jaan.

Under Fjoer 0305 Doekle Terpstra

Under Fjoer 0305 Doekle Terpstra

13 Oktober 2004

CNV-foaroanman Doekle Terpstra komt op 'e tekst oer it wurk fan de fakbeweging, en op de fraach oft it fakbûn noch wol takomst hat. Ek de persoanlike "drive" fan Terpstra, boeresoan út Wytmarsum, komt oan it ljocht.