Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wâldrock 2004

Wâldrock 2004

19 Juny 2004

De fjirtjinde edysje fan Wâldrock yn Burgum is fan start gien. De sfear siet der goed yn, ek al wie it sa út en troch wat reinich. De kaartferkeap falt úteinlik toch noch wol ta, yn totaal binne der noch sa'n 8.500 kaartsjes ferkocht. Der is plak foar sa'n 12.000 minsken, mar om't der dit jier gjin grutte act is, binne dat der wat minder wurden. Wylst Wâldrock iepene wurdt troch de Fryske band Mortuary I.O.D, stiet der foar de yngong noch in grutte rige. De kaartsjes binne ferkocht oan minsken út hiel Nederlân en fan alle leeftiden. Wâldrock is dit jier wat lytser fan opset.

Fytsalvestêdetocht 2004

Fytsalvestêdetocht 2004

31 Maaie 2004

Tradisjoneel ride tûzenen fytsers op Pinkstermoandei de Fytsalvestêdetocht. Ek by de edysje fan 2004 wie der wer in soad publyk oan de kant fan de dyk om de fytsers oan te moedigjen. Dit jier warskôge de organisaasje foar it tanommen tal ferkearsdrompels dêr't de fytsers goed om tinke moatte.

Wâldrock 1996 (2)

Wâldrock 1996 (2)

01 July 1996

Wâldrock 1996 wie in grut sukses. Neffens de organisaasje gienen der sneon hast 10.000 minsken troch de poarten fan it festivalterrein by Burgum. De Fryske, Nederlânske mar ek in protte Dútske leafhawwers fan heavy metal kamen op it programma ôf dat de organisaasje fan de njoggende edysje fan Wâldrock gearstald hie. By de kassa waard strang kontrolearre op ferbean wapenbesit. Al gau gie it programma los. Wa't it skodholjen, headbangen en sjongen wat te folle waard koe op de kamping njonken it festivalterrein wat bekomme. Jûns wie it hichtepunt fan it festival mei topacts lykas Slayer.