Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_30_MINUTEN_FRYSKE_EKONOMY

30 Minuten Fryske ekonomy: petear tusken Frans Steijvers en Willem Verf

26 Maart 1995

Petear tusken (ôfgeand) deputearre Frans Steijvers (PvdA) en steatelid (GrienLinks) en skriuwer Willem Verf oer de Fryske ekonomy. Se prate ûnder oare oer yndustryterreinen, kapitalistyske ekonomy en wurkgelegenheid.

Tritigers 0203: Reklame

Tritigers 0203: Reklame

16 Septimber 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Johannes Kramer, Jan Wartena, Marijke Rijpma, Bob Sikkema, Meindert Talma, Janske Wielinga, Froukje Hernamdt dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it tredde diel fan de twadde searje sjogge we by in pear âld-panelleden, Jantien, Kees en Bert. In reportaazje oer reklame en tritigers, in drege doelgroep.

No Wy: Ardennen

No Wy: Ardennen

21 Oktober 1999

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering giet in groep fan fyftich learlingen fan it Lauwers College út Bûtenpost op survival mei de bus nei de Ardennen yn België. Yn de film ha trije learlingen problemen, ien knipt hier fan oaren ôf, in oar is drugsferslave en noch in oar moat har hieltyd ferklaaie. Mar de ôflevering lit foaral sjen wat de learlingen allegear meimeitsje, mountainbike, kayakke en abseile, mar ek ouwehoere yn de sliepkeamers en de bonte jûn, donderjeie mei de oare sekse en tefolle drank.