Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sadwaande_14_03_2001_Sjonge

Sadwaande: Sjonge

14 Maart 2001

Dizze Sadwaande giet oer sjongen. We sjogge by in bernekoar en in klassyk koar en prate mei de diriginten Jildou Talman en Leendert Runia. Ek sjogge we by in les fan in sjongpedagooch en by sigeunermuzyk. Prinses op learzens sjongt lekker yn de badkeamer.

Vive la Frise 7

Vive la Frise 7

28 Augustus 2002

Op syk nei Friezen yn de Ardêche yn Súd-Frankryk: Agnes Hovenga en Gerard Blok wolle yn Chatillon-en-Diois in ruïne ferbouwe ta apparteminten.

LTV_Tsjerken-yn-Need_Fr-kop_WR

Tsjerken yn need

09 Maart 2008

Der is grutte soarch oer de takomst fan de âlde Fryske tsjerken. Fan de 600 tsjerken yn Fryslân is de takomst fan sa'n 100 tsjerken ûnwis. Stichting Alde Fryske Tsjerken, dy't sa'n 40 tsjerken oernommen hat, kin it wurk amper oan. Der wurdt mei de saakkundigen praat oer de takomst fan de gebouwen. We sjogge by de tsjerken fan Finkegea, Baaium en Ter Idzert.