Fjouwerdielich dokudrama, ij dramatisearre dokumintêre, fan filmmakker Ernie Damen mei doarpsminsken yn de haadrol. Geane je fuort of bliuwe je yn it doarp, dat is de fraach. De kommunikaasjetoer fan Spannenburch spilet in belangrike rol.
Lêzers fan de fersen fan Obe Postma (1868-1963) fertelle wat se sa moai fine oan it wurk fan 'de dichter fan it Fryske lân'. Postma wie de earste winner fan de Gysbert Japicxpriis yn 1947. Under dy lêzers û.o. Philippu Breuker, Michaël Zeeman, Lysbert Bonnema, Douwe Tamminga en Baukje Wytsma. We sjogge bylden fan syn grêfstien en Koarnwert it plak dêr't er berne is.
We sjogge by fjouwer folwoeksenen dy't as jong bern adoptearre binne en nei Fryslân helle binne. Spilet adopsje in rol yn har libben? Wolle se sykje nei har biologyske âlden of nei it lân fan komôf ta? Wat witte se noch fan har eigen lân en ha se ferlet fan kontakten mei oare adopsjebern? We sjogge by de libbens fan Shanko van der Meer (23) út Yndia, Helen Zandt (27) út Súd-Koreä, Mary Francis van der Hoek (28) út Yndia en Theodoor van der Laan (26) út Súd-Koreä.
We sjogge achter de skermen by de autosloperij. By demontaazjebedriuwen wurde de auto's útinoar helle en tal fan brûkbere ûnderdielen kinne wer brûkt wurde, oare stikken wurde ferneatige. Der is in goeie hannel yn de banne-yndustry.
Untdekkingsreizger Willem Barentsz fan Skylge ûndernaam yn 1596 syn wrâldferneamde ekspedysje en kaam fêst te sitten yn it iis op Nova Zembla. Syn bemanning oerwintere yn it selsboude Behouden Huys. Op Skylge is in stânbyld fan Barentsz ûntbleate en is in replika fan it hûs boud. Undersiker Louwrens Haquebord hat op Nova Zembla west foar ûndersyk.
Yn 1886 kaam it suvelfabryk yn Wergea en yn 1994 waard it sletten. Ald-wurknimmers fertelle wat dy sluting foar har betsjutte, guon rekken út it wurk, oaren krigen oar wurk fierder fuort. De ûndernimmers, lykas de bakker, krige ek minder bestellingen troch de sluting. Yn it fabryk sitte no lytsere saken lykas in meubelbedriuw en ek oare ûndernimmers ha der belangstelling foar. We hearre ek oer de skiednis fan it fabryk.
Portret fan tenoar Albert Bonnema (1956), berne yn Koehoal. Heit wie ûnder oare fisker. Hy fertelt oer syn libben, we sjogge by de seedyk, it bertehûs, de tsjerke en syn mem, en oer syn leafde foar muzyk. Nei de ambachtsskoalle gie er nei de MTS (elektrotechnyk) en wurke by de FIB yn Ljouwert. Underwilens hie er sjongles by Pita Grilk. Oant 1994 wie er ferbûn oan it operahûs yn Bern, no is er freelance en wennet er yn Amsterdam. We sjogge by repetysjes en de útfiering fan 'Leonore' fan Beethoven op it Holland Festival yn it Concertgebouw yn Amsterdam.
We sjogge by trije byldzjend keunstners, Anke van Westerlaak, Keimpe Kootstra en Sjon ten Berg, yn Ljouwert dy't fan har wurk net rûnkomme kinne en no yn in trajektbemiddeling fan de gemeente sitte om te sjen oft se út de bystân kinne. Der sitte nochal wat tûkelteammen by dit projekt.
Geart de Vries praat mei Anneke van Renssen fan it Frysk Filmargyf oer peareltsjes út de kolleksje. Der binne fragminten te sjen fan ferskate sporten lykas fierljeppen en koartebaanreedriden. We sjogge bylden fan de Alvestêdetocht út 1940, keatsen (op sokken) yn 1947, fuotballer Abe Lenstra yn aksje en auto- en motorraces op de Ljouwerter fleanbasis, yn de jierren '40. Op dizze Fryske TT kamen 20.000 minsken ôf.
Geart de Vries praat mei Anneke van Renssen fan it Frysk Filmargyf oer peareltsjes út de kolleksje. Der binne fragminten te sjen fan in doarpsfilm fan Johan Adolfs oer Hieslum, Parregea en Dedzjum yn de jierren fyftich, ek in film fan De Gaastmar en in film út 1951 oer 50 jier 'woningwet', in film fan Hein Faber en Piet Zwier en in film fan in bejaardereiske fan Mullumers fan Gerrit Aalfs. Yn it argyf sitte ek amateurbylden fan keninklike besites. We sjogge in fragmint fan de besite fan kening Juliana oan Fryslân út 1950.
Geart de Vries praat mei Anneke van Renssen fan it Frysk Filmargyf oer peareltsjes út de kolleksje. Der binne fragminten te sjen fan in bedriuwsfilm fan Frico, mei Frico de wrâld oer, ien fan de djoerste films makke, út 1938. Ek sjogge we bylden fan de Lânboutentoanstelling yn 1947 mei keninginne Wilhelmina, in film fan Gerrit Aalfs, noch in bedriuwsfilm (1950) mar no fan de Condens mei yn ien fan de haadrollen Kees Brusse en in film fan Hein Faber oer de fiskerij op de Iselmar.
Geart de Vries praat mei Anneke van Renssen fan it Frysk Filmargyf oer peareltsjes út de kolleksje. Der binne fragminten te sjen fan: in film fan de VVV oer Ljouwert út 1922, it sluten fan de Ofslútdyk yn 1932, de earste Fryske spylfilm Kar út twa út 1932 en de film It liet fan de Burd út begjin jierren fyftich.