LTV_IN_NIJE_GENERAASJE_131096_WR

In nije generaasje: Fryske skriuwers yn Grins

13 Oktober 1996

Portret fan fjouwer jonge Fryske skriuwers yn de stêd Grins: Albertina Soepboer, Lolkje Hoekstra, Meindert Talma en Nyk de Vries. Wat bynt har en hoe sjogge se nei de Fryske literatuer en de Fryske ynstituten? Albertina Soepboer fertelt û.o. oer in twatalige foarstelling, Lolkje Hoekstra treedt op by de iepening fan in literêr kafee en Meindert Talma en Nyk de Vries meitsje mei har beiden it leechdrompelige tydskrift De Blauwe Fedde.

LTV_KOLONIE_VREEMDELINGEN_290496_WR

Belgen yn Gaasterlân 1914-1918

29 April 1996

Yn de Earste Wrâldoarloch flechten tûzenen Belgen nei Nederlân. In hiel soad Belgen binne opfongen yn Gaasterlân, yn ferskate kampen, dat in ferdûbeling fan it ynwennertal krige dêrmei. Ynwenners fertelle oer dy tiid en helje oantinkens op. De flechtlingen waarden goed bewaakt, mar dienen ek mei oan it sosjale libben lykas keats- en fuotbalwedstriden.

LTV_MENNO_SIMONS_240396_WR

It folk fan Menno Simons

24 Maart 1996

500 jier lyn waard Menno Simons berne yn Wytmarsum, oer de wrâld hat er tal fan folgers krigen. We sjogge by in tsjerketsjinst, sneinsskoalle en fersoargingstehûs en fansels by tal fan fermanjes, menistetsjerkegebouwen. Leauwigen fertelle oer har leauwe en histoarisy oer it libben en de betsjutting fan de herfoarmer. Yn it Fries Museum is in útstalling oer him.

LTV_LJOUWERT_031295_WR

Ljouwert: waar een middelgrote stad groot in kan zijn

03 Desimber 1995

Programma oer de (finansjele) misstannen fan de lêste 20 jier fan it politike bestjoer en it amtlik apparaat. It giet om in analyze nei in soad petearen, soms anonym. Amtners wienen te heech ynskaald, der wie in jierrenlange achterstân yn jierrekkens en der wienen miljoenen om te ferdielen. Ek waarden baltsjes nei elkoar ta skood, ûnder oare by de stedsûntwikkeling.

LTV_NIJE_NATUER_051195_WR

Nije natuer

05 Novimber 1995

We sjogge by trije projekten dy't nije natuer opsmite moatte. By Appelskea is 200 bunder bosk kapt om de stosân yn it gebiet de romte te jaan. Net elk begrypt dit plan fan Steatsboskbehear. Fûgelwachters by Jistrum binne net wiis mei de plannen fan Steatsboskbehear om in stik greide om te foarmjen nei sompe. De stinzen Staniastate (Oentsjerk) en De Klinze (Aldtsjerk) wurde mei elkoar ferbûn troch ruilferkaveling en nije natuer. De lânskipsarsjitekt leit syn plannen út, der moat ek in menpaad komme.

LTV_AID_YNSPEKSJE_WR

Regels om te kontrolearjen

29 Oktober 1995

De AID (Algemene Inspectie Dienst) giet nei oft de regels yn de lânbou en fiskerij wol neilibbe wurde. We gean op paad mei de ynspekteurs en sjogge by beropsfiskers, fûken en netten, by boeren en op de feemerk oft se goed op it fee passe en ek wurdt mei in helikopter sjoen oft der plakken binne mei oalje- en dongfersmoarging.

LTV_OARS_BUORKJE_011095_WR

Oars buorkje

01 Oktober 1995

We sjogge by trije projekten dy't oars mei de lân- en túnbou omgean wolle. In feehâlder by Grou is oerstapt op ekologysk buorkjen, dus sûnder bestridingsmiddels. Ferskate boeren ferbouwe soarten beien om dêr wyn fan meitsje te litten, lykas flearbei en by de Waadkust wurdt seeaster ferboud.

LTV_FRYSK_EN_FRIJ_280196_WR

Frysk en Frij

28 Jannewaris 1996

It moanneblêd Frysk en Frij sit finansjeel yn swier waar. It eardere wykblêd en letter twawyklikse blêd krijt gjin provinsjale subsydzje mear, al binne der noch wol petearen. Meiwurkers fertelle oer de swierrichheden. De provinsje soe in ferburgen aginda hawwe om Frysk & Frij op te heffen. Oan it wurd komme ûnder oare Goasse Brouwer, Sjoerd van Aalsum en Geart-Hessel de Boer, mar ek deputearre Bertus Mulder en Ingrid Wagenaar fan de F-side. Dizze wyklikse Fryske side yn beide kranten wie bedoeld om nije Frysklêzers te winnen, dêr gie provinsjale stipe hinne.

LTV_TIMMERMAN_TSJOENDER_171295_WR

Timmermantsjoender

17 Desimber 1995

Portret fan Piter Wilkens, Frysk trûbadoer en timmerman. We sjogge him oan it wurk yn de wurkpleats mar de muzyk nimt stadichoan hieltyd mear romte yn. Hy skriuwt Frysktalige nûmers om't er him yn syn memmetaal it bêste útdrukke kin. We sjogge him by opnamen yn de studio, by tal fan optredens, fan akoestysk yn de kroech oant op in festival mei band en sels yn Poalen. Fans komme oan it wurd, der is sels in fanclub. Earder siet er yn de band Okke Hel mei broer Sytse.

LTV_LODEWIJK_MEETER_WR

In libben lang sile: Lodewijk Meeter

08 Oktober 1995

Portret fan âld-skûtsjeskipper Lodewijk Meeter (80). Hy folget de wedstriden fan de SKS noch altyd op it wetter op de foet en praat nei ôfrin mei Eldert Meeter, syn soan en no skipper. Neist bylden fan de wedstriid en it folchskip, sit der ek in soad argyf yn dizze dokumintêre mei wedstriidbylden út 1957, 1989, 1985, 1944, 1965 en 1968. Ald-skippers Hattum Hoekstra en Albert van Akker sjogge werom.

LTV_SIMMER_YN_JORWERT_120195_WR

Simmer yn Jorwert

01 Septimber 1994

We sjogge by de tariedingen, repetysjes en úteinlik de útfiering fan it iepenloftspul fan Jorwert, yn de notaristún. Midsimmernacht's dream wurdt spile. Kostúmûntwerper Ykje Hibma, dekôrûntwerper Beb Mulder, regisseur Romke Toering en kostúmútfierder Gerry Smids fertelle hoe't se te wurk gean. Ek Gais Meinsma fertelt oer har wurk, se is al jierren ferantwurdlik foar de omballingen.

LTV_SWETTEN_FERLIZZE_271195_WR

De swetten ferlizze

26 Novimber 1995

Yn dit programma sjogge we by fjouwer famyljes dy't om ferskillende redenen ferhúzje, soms nei in oar plak yn Fryslân, soms nei in oar lân. Geertje Bouman-Dijkstra hat 18 jier op Flylân wenne mar ferhuzet no nei de wâl. Skipper Allard Syperda is dwaande om syn skip klear te meitsjen foar in wrâldreis mei syn frou. En Albert Crestian hat fjouwer yn Fryslân wenne mar stiet op it punt werom te gean nei Bonêre en de famylje Poortinga hat in boerebedriuw kocht yn Dútslân en emigrearret dus.

Pages