Petear tusken Sytze Faber en Johanneke Liemburg. Beide studearren politikology. Faber is boargemaster fan Hoogeveen en wie earder Twadde Keamerlid (CDA) en haadredakteur fan Friesch Dagblad. Liemburg is Twadde Keamerlid (PvdA) en wie earder steatelid en deputearre yn Fryslân en sjoernalist. It giet ûnder oare oer de rol fan Den Haag en gearwurking fan de trije noardlike provinsjes.
Portret fan muzikant en poptrûbadoer Ernst Langhout (1956). Hy fertelt oer syn leafde foar muzyk, fan folk oant rock. We sjogge him optreden yn de Ljouwerter Prinsetún, mar hy spile ek foar tûzenen minsken yn Ruslân. Mei argyfbylden fan syn band The Visitor en opnamen fan syn nije band Big Tree.
We sjogge by in byienkomst fan it frouljusnetwurk. Ien kear yn de moanne komme de froulju, dy't faak in liedende funksje hawwe, by inoar om te harkjen nei in sprekker en te learen fan elkoars ûnderfiningen. Har doel is om mear froulju yn hegere posysjes te krijen, likense beleanning en bewustwurding. Tal fan froulju komme oan it wurd en fertelle oer har wurk.
Yn dizze útstjoering prate âld-hûsdokter en âld-sikehûsdirekteur Bruno van Albada en medysk sosjolooch en dosint Tseard Tijmstra mei inoar oer de sûnenssoarch. Se beprate wat der allegear feroare is yn de soarch en de foar- en neidielen fan foarútgong, nije ynsjoggen en kwaliteit fan libben.
Dokumintêre oer it lytse sikehûs Oranjeoord yn Harns, hat dat noch besteansrjocht en wat binne de (ûn)mooglikheden? It sikehûs hat 154 bêden en is benammen ek belangryk foar de Waadeilannen. Tal fan meiwurkers - en pasjinten - prate oer har wurk en we sjogge by de deistige praktyk, û.o. operaasjes. Yn de rin fan de jierren is in soad feroare yn de soarch; pasjinten wurde âlder en ferbliuwe koarter.
De Frysktalige opera Rixt is skreaun foar de iepening fan skouboarch De Harmonie yn Ljouwert. We sjogge by de repetysjes yn Amsterdam, achter de skermen by de opbou yn Ljouwert, meiwurkers en makkers fertelle oer har wurk. Oan it wurd komme regisseur Peter te Nuyl, dirigint Jac van Steen, komponist Henk Alkema en Frysk begelieder Roel Tjeerdsma. En ek de sjongers Annett Andriessen (spilet Rixt), Brian Galliford (spilet Sjoerd) en Evelyne Overtoom (spilet Marieke).
In portret fan de eigensinnige twillingbruorren Hans en Wim Anker, fan Akkrum. Se binne beide advokaat en binne lanlik bekend troch ûnder oare de ferdigening fan Ferdi E. Se prate oer har wurk en prinsipes, sa as dat se elke fertochte bystean wolle. We sjogge se oan it wurk yn de rjochtbank, yn petear mei kliïnten, mar ek by it útoefenjen fan de hobby's lykas sjonge yn de kroech, slingeraap en sealfuotbal. Se binne altyd ûnderweis, is it net nei in kliïnt dêr't se faak ek nei de útspraak kontakt mei hâlde, dan wol nei in lêzing organisearre troch de Vrouwenbond.
Programma mei lieten fan Douwe Heeringa dy't er ek sjongt, yn Ljouwert en Berlyn. Hy fertelt oer syn leafde foar de Dútske stêd en we sjogge de toeristyske hichtepunten mar ek de skaadkanten fan de stêd.
Yn dit programma komme seis froulju op leeftiid oan it wurd, se fertelle oer har libben as frijfaam. Dat se noait troud west ha, hat foar- en neidielen sizze se. Se fertelle oer út watfoar húshâlding oft se komme, oer har oplieding, wurk en hobbys. Se ha der allegear frede mei dat se allinne binne. De froulju binne: Wytske Verloop (Aldegea, W), Detsje Koen en Durkje de Boer (Ljouwert), Antsje Joustra (Easterein), Doet Miedema (Dokkum) en Stien Draaisma (Boalsert)
Yn dit programma komme trije Fryske dichters om utens oan it wurd, se prate oer it Frysk, oer har wurk en wat har dwaande hâldt. Cor van der Wal komt fan Ljouwert en wennet yn Grins, foar syn bondel út 1991 krige er de debutantepriis. Hy skriuwt benammen nachts, is ynteressearre yn astrology en mei graach yn it kafee sitte. Feyo Schelto baron Sixma van Heemstra wennet yn Loosduinen by Den Haag, it Frysk hat er fan hûs meikrigen. Hy wie inisjatyfnimmer fan Operaasje Fers en wurke by tydskrift Quatrebras. Syn roman 'Leafdedea' út 1963 publisearre er ûnder pseudonym Homme Eernstma.
Petear tusken arsjitekt Abe Bonnema en arsjitektuerhistoarikus Peter Karstkarel. In petear fan bouwer versus kritikus. Se prate ûnder oare oer hoe't de stêd Ljouwert derútsjen moat, de maat en ferhâlding fan gebouwen, misbaksels en it fenomeen boerderette.
We folgje yn dit programma ferskate bern dy't oars as oars binne, en dêrom of op spesjaal ûnderwiis sitte of op in gewoane skoalle mei ekstra begelieding. We sjogge by de bern op skoalle en learkrêften en learlingen fertelle oer hoe't dat giet. Ellen komt fan Hurdegaryp en sit op de Johannes Brandsma-mavo yn Burgum, in reguliere skoalle, se hat it syndroom fan Down en hat in begeliedster. Jorn komt út Snits en sit op de prof. Grewelskoalle foar spesjaal ûnderwiis, hy hat in steurnis yn it autismespektrum.