Fryske dichters om utens

11 Desimber 1994

Yn dit programma komme trije Fryske dichters om utens oan it wurd, se prate oer it Frysk, oer har wurk en wat har dwaande hâldt. Cor van der Wal komt fan Ljouwert en wennet yn Grins, foar syn bondel út 1991 krige er de debutantepriis. Hy skriuwt benammen nachts, is ynteressearre yn astrology en mei graach yn it kafee sitte. Feyo Schelto baron Sixma van Heemstra wennet yn Loosduinen by Den Haag, it Frysk hat er fan hûs meikrigen. Hy wie inisjatyfnimmer fan Operaasje Fers en wurke by tydskrift Quatrebras. Syn roman 'Leafdedea' út 1963 publisearre er ûnder pseudonym Homme Eernstma. Jelle Kaspersma komt fan Snits en wennet yn Kampen. Hy makke ûnder oare oersettingen fan Yndianepoëzy.