SADWAANDE_230501_ACHMEATOER

Sadwaande: Achmeatoer

23 Maaie 2001

Dizze Sadwaande giet oer de Achmeatoer yn Ljouwert. Oan de toer fan 114,5 meter wurdt folop boud. We sjogge by de bou, prate mei arsjitekt Abe Bonnema oer syn ûntwerp en mei Ap Timmermans fan de wolstânskommisje Hûs en Hiem. Oer de toer rinne de mieningen nochal útien. Prinses op learzens krijt spul yn de lift.

Sadwaande_14_03_2001_Sjonge

Sadwaande: Sjonge

14 Maart 2001

Dizze Sadwaande giet oer sjongen. We sjogge by in bernekoar en in klassyk koar en prate mei de diriginten Jildou Talman en Leendert Runia. Ek sjogge we by in les fan in sjongpedagooch en by sigeunermuzyk. Prinses op learzens sjongt lekker yn de badkeamer.

180628_SADWAANDE_16_05_2001_KEUNST.mp4

Sadwaande: Keunst

16 Maaie 2001

Dizze Sadwaande giet oer keunst. Wat hinget der by minsken thús oan de muorre? Guon sammelje keunst, oaren ha wat fan de Keunstútlien en wer oaren ha wurk as oantinken oan de muorre. We sjogge by byldzjend keunstner Irma Kamp en hearre fan Kie Ellens hoe't er keunstners begeliedt yn de saneamde WIK-regeling. In soad keunstners kinne net inkeld fan har wurk libje, Peter Bax yn Snits kombinearret dêrom keunstútlien, listemakkerij en galery mei elkoar. Prinses op learzens makket ek keunst fansels.

180723_SADWAANDE_09_05_2001_BEWARJE.mp4

Sadwaande: Bewarje

09 April 2001

Dizze Sadwaande giet oer bewarje. Wat bewarje we en wêrom? Jasper Pool bewarret alles oer Surhuzum, fan ansichtkaarten oant krantestikken. Sjoernalist Jack Kooistra bewarret alles oer de Twadde Wrâldoarloch. En we sjogge yn it depot fan it Fries Museum en it argyf fan Noardeast-Fryslân. Prinses op learzens wol ek alles bewarje.

180723_SADWAANDE_02_05_2001_DE_LAUWERSMAR.mp4

Sadwaande: De Lauwersmar

02 Maaie 2001

Dizze Sadwaande giet oer de Lauwersmar. De eardere Lauwerssee is troch de ôfsluting no in mar wurden en in Nasjonaal Park. We sjogge nei de skiednis, de kânsen en bedrigingen fan it gebiet en prate mei ferskate brûkers, lykas fiskers, definsje, rekreanten, natuerleafhawwers en ûndernimmers. Prinses op learzens wol ek fan de rêst genietsje.

180723_SADWAANDE_25_04_2001_AVENTURIERS.mp4

Sadwaande: Avonturiers

24 April 2001

Dizze Sadwaande giet oer avonturiers. We prate mei arsjitekt Hans Achterbosch dy't berchbeklimme as grutte passy hat. En twa pearen makken in grutte en djoere reis, mar de reislieder wie fallyt en sa wienen der mear tsjinslaggen en in feeboer siket it avontuer yn Brazilië. Oaren binne net sa fan it avontuer, se sitte it leafst op de camping. Prinses op learzens siket ek it avontuer.

180723_SADWAANDE_OER_BUERTSKOALLE_18_04_2001.mp4

Sadwaande: Buertskoalle

18 April 2001

Dizze Sadwaande giet oer de buertskoalle yn de Ljouwerter Frijheidswyk. It is net echt in skoalle, mar in projekt dêr't ferskate partijen yn gearwurkje lykas skoallen, plysje en de byb om bern mear kânsen te jaan. We prate dêroer mei de projektlieder en fansels mei de bern dy't dûnsles krije en knutselje. Troch de skoalle is der minder fandalisme yn de wyk. Prinses op learzens wurdt fandalistysk.

180723_SADWAANDE_28_03_2001_TV_SJEN.mp4

Sadwaande: Telefyzje sjen

28 Maart 2001

Dizze Sadwaande giet oer telefyzje sjen. Wêr sjogge we nei en wêrom? Henk Dijkstra is ûnderhâldstechnikus by Omrop Fryslân en hy leit út hoe't de technyk wurket. Rene van Dammen besjocht de sifers fan it Kijk- en Luisteronderzoek en we sjogge by twa famyljes dy't út prinsipe gjin telefyzje hawwe. It binne Sjirk Kuiper, sjoernalist by it Friesch Dagblad en dûmny Jan van der Kamp. Prinses op learzens sjocht tv en dat pakt wol hiel realistysk út.

180723_SADWAANDE_FOARMJOUWING_21_03_2001.mp4

Sadwaande: Foarmjouwing

21 Maart 2001

Dizze Sadwaande giet oer foarmjouwing. We sjogge by ûntwerper Henk Lampe, dy't strjitmeubilêr ûntwerpt, mar ek meubilêr foar yn hûs, lykas stuollen. De provinsje hat sûnt koart in konsulint foarmjouwing; wat docht dy krekt? Ek sjogge we by in reklameburo dat in logo foar in bedriuw makke hat. En we binne by keunstakademy Minerva yn Grins dêr't in studint syn fideoproduksjes sjen lit. Prinses op learzens hat in priis wûn.

180719_SADWAANDE_07_03_2001_DE_FYTS.mp4

Sadwaande: De fyts

07 Maart 2001

Dizze Sadwaande giet oer de fyts en fytse. We sjogge by in fytsefabryk dêr't fytsen monteard wurde en hearre wat de nijste feroaringen binne op it mêd fan de fyts, lykas in chip tsjin stellerij. We sjogge ek by Riecus van Veen dy't al 700.000 kilometer fytst hat. En by de VVV fernimme se dat fytse populêr is, der binne tal fan fytsrûtes, faak mei in tema. En ha de skoalbern wat in knappe fyts? Prinses op learzens sjocht wol wat yn it wite fytseplan.

180719_SADWAANDE_28_02_2001_WINTERSPORT.mp4

Sadwaande: Wintersport

28 Febrewaris 2001

Dizze Sadwaande giet oer wintersport. We reizgje mei de famylje Steringa út Dokkum mei Paulusma Reizen mei de bus nei Poalen. Dêr krije se skyles. In Poalske gids dy't ek Nederlânsk prate kin, lit wat fan it stedsje sjen.

180719_SADWAANDE_21_02_2001_DE_GAVE.mp4

Sadwaande: Jefte

21 Febrewaris 2001

Dizze Sadwaande giet oer spesjale jeften. De alternative genêskunst wurdt hieltyd populêrder. Yn trije portretten sjogge we by it wurk fan 'striker' Yke Boersma yn Jorwert dy't spanning opheft by syn kliïnten. We binne by it medysk sintrum Natuurgeneeskunde en Auralogie fan Jelle Veeman. Hy is magnetiseur en der is ek in astrolooch. En we sjogge op in jûn fan Harmonia, in spiritistyske feriening dy't kontakt leit mei geasten. Prinses op learzens kin toverje.

Pages