180717_SADWAANDE_10_MILJOEN_15_11_2000.mp4

Sadwaande: 10 Miljoen

15 Novimber 2000

Dizze Sadwaande giet oer jild; wat soest dwaan mei tsien miljoen? Nei in oprop kamen tal fan ideeën binnen; we prate mei twa minsken dy't wol witte wat se mei it jild moatte: nei goede doelen of in hospice. Bern fan de skoalle LSV meitsje tekeningen oer wat se mei it jild wolle. En we sjogge by twa winners fan de PostcodeLoterij yn Wolvegea, hoe binne sy mei it prizejild omgien? En prinses op learzens dreamt fan djoere auto's, boaten en juwielen wylst se oan it skjinmeitsjen binne.

180727_SADWAANDE_08_11_2000_DISCO.mp4

Sadwaande: Disko

08 Novimber 2000

Dizze Sadwaande giet oer disko, diskomuzyk en diskodûns. We sjogge watfoar dûnsstilen der binne, fan freestyle oant breakdance. Ek sjogge we by de leden fan Unidentified Musical Obession dy't housemuzyk meitsje en we sjogge by DJ-kollektyf Appeltaart dat 'foute' platen draait. En prinses op learzens draait ek mar oft dat sa'n sukses is...

SADWAANDE_011100_BRANWACHT

Sadwaande: Brânwacht

01 Novimber 2000

Dizze Sadwaande giet oer de brânwacht. We sjogge by it korps fan Wommels, Se assistearje by in fôle dat yn de sleat rekke wie en seagje in auto iepen by in ferkearsslachtoffer. Neist professionals wurkje ek tal fan frijwilligers by de brânwacht. En wat is it wurk fan in previntist? Hy kontrolearret op feilichheid en advisearret. En der wurkje ek froulju by de brânwacht. Prinses op learzens deadet de tiid yn de kazerne mei spultsjes.

180717_SADWAANDE_OER_LESPROJEKT_TOMKE_25_10_2000.mp4

Sadwaande: Tomke

25 Oktober 2000

Dizze Sadwaande giet oer Tomke, it Fryske lêsbefoarderingsprojekt. We prate mei de inisjatyfnimmers, tekener en skriuwer fan de ferhaaltsjes en sjogge by de opnamen fan de stimmen foar it filmke. Ek hearre we oer it belang fan foarlêzen en it learen fan Frysk. Prinses op learzens leart ek Frysk.

180717_SADWAANDE_OER_HYNDERS_18_10_2000.mp4

Sadwaande: Hynders

18 Oktober 2000

Dizze Sadwaande giet oer hyders, it Fryske hynder om krekt te wêzen. We sjogge by hynsteman Hessel Bouma dy't Fryske hynders hat, alles oer de ferskate tugen wit en oer de skiednis fan it Fryske hynder. Hy hat ek in lykkoets en in tilbury. We hearre wat der feroare is oan it uterlik fan it hynder dat fan wurkhynder mear in sporthynder wurden is. We sjogge by in dressuer yn de maneezje en by it pronkriden yn Frysk kostúm yn Warkum. Prinses op learzens docht in cowgirl-act.

180717_SADWAANDE_OER_FISK_11_10_2000.mp4

Sadwaande: Fisk

11 Oktober 2000

Dizze Sadwaande giet oer fisk. We sjogge op in skip dat fan Lauwerseach útfart mei in groep manlju dy't te seefiskjen sille, wat fange se? We sjogge op de fiskôfslach fan Harns dêr't fisk sortearre wurdt, ferkocht op de feiling en ynferzen foar de Japanske merk. By fiskrestaurant Op Hatsum leare we hoe't je fisk lekker klearmeitsje kinne. En wat slacht prinses op learzens oan de heak?

180717_SADWAANDE_OER_STUDINTEN_YN_LJOUWERT_04_10_2000.mp4

Sadwaande: Studinten

04 Oktober 2000

Dizze Sadwaande giet oer studinten yn Ljouwert, de stêd hat him de lêste tiid mear as studintestêd ûntwikkele. We sjogge hoe't Aafke Jongsma libbet as studint, se moat fral sunich libje want har âlden betelje neat foar har. We sjogge op de NHL en CHN en sjogge by de opliedingen ferpleechkunde en gasthearskip. Marga Waanders is adviseur kommunikaasje en fertelt oer Ljouwert as studintestêd. We sjogge ek by twa studinteferieningen yn Ljouwert, Io Vivat en Wolwêze. Prinses op learzens kin net mear pinne.

180717_SADWAANDE_ARGEOLOGY_29_09_2000.mp4

Sadwaande: Archeology

29 Septimber 2000

Dizze Sadwaande giet oer archeology. Provinsjaal archeolooch Gilles de Langen fertelt oer fynsten yn eardere terpen, lykas de ferneamde fibula fan Winaam. We sjogge by ôfgravingen, ûnder oare by de Aldehou dêr't in parkearkelder komme moat. We sjogge by it wurk fan archeologysk advysburo Raap dat grûnmeunsters nimt. En we sjogge by detektor-amateurs, se fine benammen in soad munten. Prinses op learzens giet op ûndersyk út yn de dunen.

180717_SADWAANDE_DE_LOFT_YN_BALLONFARRE_SWEEFFLEANE_21_06_2000.mp4

Sadwaande: Ballonfarre

21 Juny 2000

Dizze Sadwaande giet oer ballonfarren en oare saken yn de loft. We sjogge by de Friesche Aero Club yn Ljouwert dêr't sweeffleaners sitte. En we sjogge by minsken dy't foar har wurk heech yn de loft wurkje moatte lykas glêzewaskers. En we farre mei in ballon mei, en ek in kolonel giet foar it earst mei yn it bakje. En prinses op learzen kin fleane nei it drinken fan energydrink.

180717_SADWAANDE_OER_KUIERJE_14_06_2000.mp4

Sadwaande: Kuierje

14 Juny 2000

Dizze Sadwaande giet oer kuierjen. Mei de Slachte op komst, is kuierjen populêr. We sjogge by fjouwer froulju dy't meidogge oan de Waddenwandelweek, se rinne op de Waadeilannen en sliepe op in skip. Twa mannen rinne dwers troch Fryslân op it Zevenwoudenpad en Ingrid krijt tips foar de bêste outfit en sil mei de boskwachter by Aldemardum te kuierjen. Prinses op learzens rint ek mar smokkelet wol in bytsje.

180717_SADWAANDE_31_05_2000_OER_KLEASTERS.mp4

Sadwaande: Kleasters

31 Maaie 2000

Dizze Sadwaande giet oer kleasters. We sjogge by de trije susters fan de Goddelijke Voorzienigheid dy't noch yn Heech wenje, mar se sille fuort. De susters Agnes, Gemma en Tonia fertelle oer har deistich libben. Preester Henk Nota fertelt oer de skiednis fan it katolisisme yn Fryslân, se ha tal fan ûnderwiisynstellingen en fersoargingstehuzen opset. Sa ek it Antonius sikehûs yn Snits dat mei in erfenis boud is. En we sjogge by broeder Aquino yn Wolvegea, hy makket glês-yn-lead ruten. Hy is lid fan de Onze Lieve Vrouwe van zeven smarten congregatie.

180717_SADWAANDE_OER_ISELMAR_24_05_2000.mp4

Sadwaande: Iselmar

24 Maaie 2000

Dizze Sadwaande giet oer de Iselmar. It wetter is fan belang foar de wetterstân yn de provinsje, dêrom wurdt de kwaliteit metten. We sjogge by dat wurk fan Wetterskip Fryslân. We binne mei te farren op in ielfiskersskip en we sjogge mei in boskwachter by in bysûnder natuergebiet by de Iselmar. En prinses op learzens soarget foar in riedsel, swimt der no in haai?

Pages