Tritigers 0109: Allochtoan

14 Jannewaris 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it njoggende diel komt Fahri Mintes oan it wurd, hy is allochtoan, wurket by de Keamer fan Keaphannel en is ûndernimmer. De reportaazje giet oer fit bliuwe, guon geane nei de sportskoalle om spiermassa te krijen en oaren wolle ôffalle.