Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Tûkelteammen 0106

Tûkelteammen 0106

05 Novimber 2002

Yn dizze Fryske taalkwis binne de dielnimmers yn team 1: plysjewurdfierder Harry Oenema en Oatske van der Zwaag; yn team 2: Ingrid Wagenaar fan de Afûk en Eppie Talstra.

LTV: Piloaten yn 'e Gaastmar

LTV: Piloaten yn 'e Gaastmar

23 Maaie 1995

Hûnderten alliearde fleantugen stoarten yn de Twadde Wrâldoarloch del yn de Iselmar. Yn de nacht fan 14 op 15 oktober 1944 ferûngelokte in Halifax-bommewerper by Starum. Fiif fan de seis bemanningsleden berikten de kust en bleaune oant de befrijing yn april 1945 yn De Gaastmar.

Om Utens: Klaas Rusticus

Om Utens: Klaas Rusticus

28 Maaie 1998

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer Klaas Rusticus út Snits. Begjin jierren sechstich wurke hy yn it ûnderwiis yn Zwolle, mar ein jierren sechstich naam hy it beslút om him op teater, regissearjen en skriuwen te rjochtsjen.