Om Utens: Klaas Rusticus

28 Maaie 1998

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer Klaas Rusticus út Snits. Begjin jierren sechstich wurke hy yn it ûnderwiis yn Zwolle, mar ein jierren sechstich naam hy it beslút om him op teater, regissearjen en skriuwen te rjochtsjen.