Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Rients Gratama 1: In jonge dy't foardrage woe

Rients Gratama 1: In jonge dy't foardrage woe

12 Jannewaris 1997

It earste diel fan in trijelûk út 1997 oer de karriêre fan kabaretier, skriuwer, akteur, dichter en presintator Rients Gratama.

Wurktiid TV: Van Hall-studinten as ûndernimmer

Wurktiid TV: Van Hall-studinten as ûndernimmer

06 July 1994

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer studinten fan it Van Hall Instituut yn Boalsert dy't Nederlânsk kampioen miny-ûndernimmings wurden binne mei har sels betochte appelsmots. Se meie no nei it EK. Begeliedend dosint M. Wijnia, 'personielsmanager' en studint Richard Eisinga, 'produksjelieder' en studint Harry Feenstra en 'direkteur' en studint Marcel Mensink fertelle oer it proses.

LTV_HAVEN_HARNS_2_FR

De haven, de stêd en de Harnzers (diel 2)

13 Jannewaris 2002

Twalûk oer de haven fan Harns. Yn 1877 waard de Willemshaven oanlein. Dy bedriuwen moatte dêr wei en plak meitsje foar wenningbou. Der binne plannen foar in bûtendykse havenútwreiding. Foar- en tsjinstanners fan de bouplannen komme oan it wurd, lykas de boargemaster, de brune float en de hannel.