Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_LIMOSA_FR_WR

Limosa, de skries

20 Maaie 2001

Greidefûgel de skries (Limosa yn it Latyn) wurdt al jierren bedrige. It tal briedpearen nimt hurd ôf troch minder blomrike greiden en de komst fan nijbou, drainaazje en maisbou. Yn Fryslân wienen trije polders belangryk foar de skries: Haulerpolder, Skrok en Himpensermarpolder. In rêdingsplan moat de fûgel behâlde. Ferskate organisaasjes wurkje dêryn gear, lykas boeren (oars meane) en fûgelwachters beskermje de nêsten. En de predaasje is ek in bedriging.

LTV_REST_EN_ROMANTYK

Rêst en romantyk

12 Juny 1994

Yn dit programma sjogge we hoe't trije minsken foar de rêst en romte nei Fryslân ferhuze binne. Martin Hartkamp nei de Alde Biltdyk, Jantine Swart nei de Keimptilsterdyk (by Dronryp) en Ageeth Fransen nei Hantum. Se fertelle oer har ûnderfiningen en wat de Fryske natuer har brocht hat.

OEROL_2001_REPO

Reportaazjes Oerol 2001

16 Juny 2001

Reportaazjes út it programma Hjoed oer it festival Oerol 2001 op Skylge. 16/6: Skriuwer Jan Wolkers, bewenner fan Teksel, iepenet it festival mei gedichten oer eilannen. 18/6: Oeral is sawat in bedriuw wurden; it festival hat de maksimum kapasiteit berikt. 25/6: In ympresje fan de lêste Oerol-dei.