Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FRYSK_FILM_FERLINE_1_WR

Frysk Film Ferline (1)

09 Juny 1996

Geart de Vries praat mei Anneke van Renssen fan it Frysk Filmargyf oer peareltsjes út de kolleksje. Der binne fragminten te sjen fan: in film fan de VVV oer Ljouwert út 1922, it sluten fan de Ofslútdyk yn 1932, de earste Fryske spylfilm Kar út twa út 1932 en de film It liet fan de Burd út begjin jierren fyftich.

Skûtsjesjoernaal: lêste dei SKS 2002

Skûtsjesjoernaal: lêste dei SKS 2002

26 July 2002

It Skûtsjesjoernaal fan de lêste dei fan de SKS 2002, mei âld-skipper Eldert Meeter yn de studio.

LTV_Op-nei-laplan_Band-Van-Wieren_WR

Op nei Laplân: de band Van Wieren

31 Desimber 2006

We folgje de Fryske rockband Van Wieren dy't meidocht oan it sjongfestival foar minderheidstalen Liet Ynternasjonaal, dat yn Sweedsk Laplân is. It is de earste bûtenlânske reis fan de band dy't hege ferwachtingen fan it optreden hat. We sjogge by de repetysjes, prate mei de oare tsien dielnimmers en sjuerylid Beart Oosterhaven. Ek sjogge we fragminten fan de show mei optredens. Uteinlik wurdt Van Wieren sechsde, de winner is de Samyske dielnimmer.