Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ITDOARP_WESTERGEAST_030699

It Doarp: Westergeast

03 Juny 1999

Portret fan it doarp Westergeast en syn ynwenners. We sjogge Johannes Boersma dy't tal fan gebouwen út it doarp tekene hat en koster Harm Bergsma fertelt oer de tsjerke. Yn it doarp is in doarpshûs, Fokkema's Pleats, der binne twa campings, in galery, in jachtbouwer, in jachthaven en in ljeskâns. In skoalle is der net, bern geane nei De Trieme. Tal fan ynwenners komme oan it wurd en fertelle oer har hobbys. We sjogge û.o. by de samling fan opsette bisten en poppen.

Sjoch Mar: Ald-ynternasjonals

Sjoch Mar: Ald-ynternasjonals

01 Septimber 1997

Arjen de Boer sjocht by it fuotbaljen yn Dronryp. De Rypster feriening bestiet 50 jier en hat âld-ynternasjonals útnûge om tsjin te spyljen. Dy wienen it balskoppen noch net ferleard, mei 6-1 fersloegen se Dronryp.

Hjoed: Aaipop 12 april 2004

Hjoed: Aaipop 12 april 2004

12 April 2004

It is noch net dúdlik hoe't it takom jier komt mei it Aaipop-festival yn Nijlân. It muzykfestival mei allinnich mar Frysktalige acts moat takom jier romte ynleverje. Dat betsjut dat der yn elts gefal ien festivaltinte ferdwine moat. Mar mei minder minsken kin it festival net út, neffens de organisaasje.