Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180712_SADWAANDE_OER_FRYSKE_BOEKEWIKE_23_02_2000.mp4

Sadwaande: Fryske boeken

23 Febrewaris 2000

Dizze Sadwaande giet oer Fryske boeken, nei oanlieding fan de start fan de Fryske Boekewike. Yn kafee De Gekroonde Roskam yn Wytmarsum besprekt Jan Pieter Janzen nij ferskynde Fryske titels. It Boekewikegeskink, Kuneara, is skreaun troch Akky van der Veer en se sit ek oan tafel. Fierder fertelt Joke Keizer oer de ynspiraasje fan har nijste boek, har beppes. En we sjogge by de Koperative Utjouwerij yn Boalsert. De Q wurdt sjoen as in 'lestige' klup dy't drege boeken útjout fan skriuwers lykas Trinus Riemersma.

It Fryslân fan Roel van Dalen: Nieuwe Dockumer Courant

It Fryslân fan Roel van Dalen: Nieuwe Dockumer Courant

30 Novimber 1998

Fiif filmmakkers binne frege om in dokumintêre te meitsjen oer de feroarings yn Fryslân. It idee is ynspirearre op it boek 'Hoe God verdween uit Jorwert' fan Geert Mak. Yn dizze film fan Roel van Dalen giet it oer de Nieuwe Dockumer Courant. We sjogge by de sjoernalisten Ale Hansma en Koos Molenaar dy't foar de krante op 'en paad binne. Se komme ûnder oare by boer Idsardi dy't ophaldt en in gearkomste fan plattelânsfroulju.

Friezen om Utens: Cor Boonstra

Friezen om Utens: Cor Boonstra

11 Novimber 1999

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer Cor Boonstra, presidint-direkteur fan Philips. Dizze Ljouwerter jonge hat altyd al hannele en begûn te wurkjen as fertsjintwurdiger. De ambisjeuze karriêreman wurke ûnder oare by Douwe Egberts. Hy is in fanatyk siler en wie as jonge altyd op it wetter fan de Alde Feanen.