Sadwaande: Fryske boeken

23 Febrewaris 2000

Dizze Sadwaande giet oer Fryske boeken, nei oanlieding fan de start fan de Fryske Boekewike. Yn kafee De Gekroonde Roskam yn Wytmarsum besprekt Jan Pieter Janzen nij ferskynde Fryske titels. It Boekewikegeskink, Kuneara, is skreaun troch Akky van der Veer en se sit ek oan tafel. Fierder fertelt Joke Keizer oer de ynspiraasje fan har nijste boek, har beppes. En we sjogge by de Koperative Utjouwerij yn Boalsert. De Q wurdt sjoen as in 'lestige' klup dy't drege boeken útjout fan skriuwers lykas Trinus Riemersma. Ek sjogge we bylden fan de Sutelaksje, it ferkeapjen fan Fryske boeken út de kroade wei.