Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fytsalvestêdetocht 2000

Fytsalvestêdetocht 2000

12 Juny 2000

Tradisjoneel ride tûzenen fytsers op Pinkstermoandei de Fytsalvestêdetocht. De edysje fan 2000.

Wyn op Woansdei: Smaak

Wyn op Woansdei: Smaak

10 Septimber 2003

Programmamakker Albert Jensma hat noed oer it ferdwinen fan smaak en tradisjonele gerjochten. Hy praat mei ferskate minsken lykas Tjeerd Lautenbach, slachtersfeint by Slachterij Bonnema yn Minnertsgea, dêr't se neffens âld resept drûge woarst meitsje. Klaas Kasma,eigener-kok fan restaurant Piet Paaltjens yn Ljouwert, ferpoft it om him oan alle regels fan de itenfeiligenswet te hâlden. Tsiismakker Connie van Eijden makket sels boeretsiis yn Ryptsjerk. Hielke van der Meulen docht ûndersyk nei âlde streekgerjochten.

Spegels: Shanty-koaren, Frysk Natuurmuseum en Eko-katedraal

Spegels: Shanty-koaren, Frysk Natuurmuseum en Eko-katedraal

23 Oktober 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. In útstjoering mei shanty/koaren yn Warkum, tentoanstelling Max Das yn it Frysk Natuurmuseum en it Eko/katedraal yn Mildaam fan Louis le Roy.