Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Boppeslach: Dreamteam fan 'e Greiden, diel 2

Boppeslach: Dreamteam fan 'e Greiden, diel 2

15 Oktober 2001

Yn it sportprogramma Boppeslach folgje we it Dreamteam fan 'e Greiden, de fuotballerkes fan F3 fan Easterlittens. We sjogge by de training fan trainer Sicko Velstra. Hy leart de jonges op goal sjitten, passen en it belangrykste: oerspyljen.

Baas Boppe Baas 0207: Kloateboeren

Baas Boppe Baas 0207: Kloateboeren

11 Novimber 2002

Dramasearje oer de famylje Baas mei Beant Baas, Joukje Baas, Sjoerd Baas, Talieta, Cynthia Baas, Afke Baas en Bennie. Bennie is fereale op Emma. Se is in Nederlânsktalich famke en net steld op boerepummels en stoere brommers. Bennie hâldt fol en krijt in kâns fan Emma. Soe se him dochs aardich fine? 

LTV_MINSKELIBBEN_TINY_HOFSTEDE_280399_WR

In Minskelibben: Tiny Hofstede

23 Maart 1999

Geart de Vries praat mei Tiny Hofstede, wykferpleechkundige. As jong famke wist se al dat se suster wurde woe. Se fertelt oer har wurk en de feroaringen dy't se meimakke.