Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Túnsintrum

Wurktiid TV: Túnsintrum

03 April 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer túnsintra. Hofkersbedriuw Snoek yn Grou fernimt dat minsken hieltyd mear jild oan de tún besteegje. G. Snoek en C. Snoek fertelle wat de trends binne en M. van der Schaaf fertelt oer de ferskillende soarten fivers.

LTV_WR_Eise-Eisinga

Eise Eisinga: it fenomeen fan Frjentsjer

15 Maaie 2005

Dramatisearre ferhaal oer it libben en wurk fan Eise Eisinga (1744-1828) en syn planetarium yn Frjentsjer. Eise waard berne yn Dronryp as soan fan in wolkjimmer, hy waard letter sels ek wolkjimmer. Om't er goed leare koe (fral rekkenjen) folge er lessen oan de Frjentsjer Akademy. Nei't in dûmny út Boazum foarsei dat de wrâld yn 1774 fergean soe as gefolch fan in bepaalde stân fan de planeten, betocht Eisinga om in bewegend planetarium te bouwen om sjen te litten dat dat net sa wie. Op it plafond fan de wenkeamer skildere er it hielal en de oerwurken boude er op souder.

Geheimen fan it Gea 4

Geheimen fan it Gea 4

16 Oktober 2001

Oflevering 4: De Rysterbosk