Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Baas Boppe Baas 0305: Geit ferstekke

Baas Boppe Baas 0305: Geit ferstekke

01 Jannewaris 2003

Beant hat in protte pine as hy pisje moat. De mannen út de kroech fertelle him as grapke dat in joint him helpe kin. Soe hy it besykje?

Fan fan: Jeffrey Talan

Fan fan: Jeffrey Talan

31 Augustus 1998

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt Jeffrey Talan it himd fan it liif frege troch Roelof Postma (12 jier). De fuotballer fan SC Hearrenfean komt by him thús op de pleats.

LTV_Portret-Wout-Zijlstra-20-08-2009_WR

Portret fan Wout Zijlstra: 'Sin en wille kinne in protte tille'

18 Novimber 2007

Portret Wout Zijlstra, ien fan de sterke manlju fan Fryslân. We folgje him nei Callander, foar de Highland Games yn Skotlân. Hy fertelt (yn kilt) hoe't er by de sport kaam en wêrom't de Highland Games foar him sa bysûnder binne. En we binne by him thús yn Folsgeare dêr't er yn de skuorre traine kin en trainingen jout. Hy lit al syn prizen sjen.