Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Baas Boppe Baas 0111: Nei-Aperij

Baas Boppe Baas 0111: Nei-Aperij

01 Jannewaris 2002

Under it iten fertelt Cynthia oan har pake en beppe dat se in nij húsdier ha. In lyts en aardich aapke. Mar wat dit bist jûns allegearre útfret is net sa moai...

180723_SADWAANDE_OER_BUERTSKOALLE_18_04_2001.mp4

Sadwaande: Buertskoalle

18 April 2001

Dizze Sadwaande giet oer de buertskoalle yn de Ljouwerter Frijheidswyk. It is net echt in skoalle, mar in projekt dêr't ferskate partijen yn gearwurkje lykas skoallen, plysje en de byb om bern mear kânsen te jaan. We prate dêroer mei de projektlieder en fansels mei de bern dy't dûnsles krije en knutselje. Troch de skoalle is der minder fandalisme yn de wyk. Prinses op learzens wurdt fandalistysk.

Sybe Satellyt 0403

Sybe Satellyt 0403

16 Novimber 1993

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy praat mei Ultsje Hosper fan It Fryske Gea en sjocht by it frijlitten fan in das en sjocht by in dasseburcht yn de Dellebuursterheide. Op de skoalle yn Wytgaard besjocht er de útfining fan de bern. En Sybe leart hoe't sûker makke wurdt yn it sûkerbitefabryk yn Hoogkerk.